Bêd en Brochje ’t Strunerke

Wa’t as fakânsjegonger, foar saken, of om in oare reden, foarhinne wolris oernachtsje woe yn ús noflike doarp Surhuzum, moai midden yn de Noardelike Fryske Wâlden, hie dêr earder net folle mooglikheid ta. It Bêd en Brochje-fenomeen sa’t dat tsjintwurdich nochal opgong makket en ek wol oandacht kriget middels in tillevysjeprogramma wie hjir net te finen.

Ofrûne maaie kaam dêr feroaring yn doe’t Wiebina Top har Bêd en Brochje akkommodaasje “’t Strunerke” iepene. Wa’t syn of har boeking dien hat fia BedandBreakfast.nl of Booking.com en ferfolgens oanskillet op’e Treaskes nûmer twa, komt troch in eigen yngong yn in kreas oanklaaide wenkeamer telâne. Direkt om’e hoeke is der in modern betegele badkeamer mei écht alles der op en der oan, wylst in glêzen skodoar de keamer ferbynt mei in rom terras. By de spiltreppen omheech komt men yn de sliepkeamer dy’t mei syn model puntdak skildere is yn rêstich oandwaande pasteltinten. Mei in mânsk bêd, dat daliks de oandacht lûkt.
By de eigen foardoar wurdt foar de gasten de rojale moarnsbrogge oanbean. Om de fingers der by ôf te slikjen, sa lekker en streksum sjocht dy der faak út.

Doe’t hja yn 2011 kunde krige oan Klaas Holthuis fan’e Bonhommestrjitte kaam se yn 2013 yn Surhuzum te wenjen, tegearre mei har soantsje Corné Kloppenburg. Fan profesje is Wiebina saakkundich op it gebiet fan Administraasje en Accountensy. Ienkear ynwenner fan Surhuzum, stie dalik it beslút fêst om har der hjir by te jaan. Al ridlikgau wie hja sadwaande belutsen yn it tsjerkewurk en makke se ek diel út fan it bestjoer fan doarpshûs de Delfeart. Doe’t dat mei help fan frijwilligers sa yngreven ferboud waard, hat Wiebina wis wól har part wurk dêr oandien, har paadsje sa’t hjit, wol skjinfage.

As dan it hûs fan Rochert en Conny Notebomer te keap oanbean wurdt, wurde Klaas en Wiebina de nije eigners. In lyts jier letter wurdt lytse Anne berne. Sy is no dus fjouwer jier, wylst Corné fan alve nei it fuortset ûnderwiis giet. Wiebina komt oarspronklik fan Kollumersweach mar hat yntusken op ferskate plakken wenne lykas yn Droegeham, Bûtenpost en ek op in almeugend grutte pleats yn Nieuw-Beerta. Hjir koe hja elke dei it ferskil priuwe tusken it libben yn’e Wâlden en it wide Grinzer lân. Geregeld makke se eartiids gebrûk fan in Bed and Breakfast gelegenheid. By Wiebina kaam doe ek al it plan nei boppe om ea sels sa'n bedriuwke te runnen. Tegearre mei Klaas, dy’t se al gau ek waarm krige foar dizze wize fan rekreaasje, like it wol oft se der net genôch fan krije koene. “Elke kear wer,” fertelt Wiebina,”meitsje wy mei, hoe bysûnder oft it is dat jo by minsken dy't jo noch net earder sjoen ha, oer de flier komme, yn har eigen dwaan en litten ûntfongen wurde en diel útmeitsje fan harren privé-libben.
Sa wiene wy in kear yn Seist by de Ashton-Brothers dêr’t it gehiel yn sa’n lytse romte ûnderbrocht wie, en elke fjouwerkante sentimeter sá syn eigen nut hie, dat wy der fersteld fan stiene. Wy seine doe tsjin elkoar: Soe soks by ús thús ek net kinne? Us hûs is net sa rom dat wy hiel folle fjouwerkante  meters beskikber hawwe, mar wa wit... Ferhúzje wie ek gjin opsje want Klaas wol net út Surhuzum wei. Wol bysûnder eins dat syn trije broers hjir ek in hûs fûn ha om te wenjen, dat dus alle fjouwer jonges fan Riekele en Anne Holthuis sá fêst oan eigen grûn sitte.

Hoe dan ek, wy ha fan ús garaazje in Bêd en Brochje ûnderkommen makke en ûnderfine no beide dat it in hiel

moaie hobby is om te dwaan. Wy gongen der fan út dat fyftich boekings yn it earste jier wol in moai begjin wêze soe, mar dat oantal binne wy no al oerhinne. Us gasten komme út, neist ús eigen Nederlân, dan ek oeral wei lykas út België, Dútslân Eastenryk Frankryk en sels ien kear út Saüdie-Arabië. As wurdearring krije wy fan ús gasten gemiddeld foar de omkriten in 7½. Dat sil wol wêze omdat wy hjir oars net folle te bieden ha as de moaie natuer, mar foar de fasiliteit dêr’t wy sels wat oan dwaan kinne, elke kear in 9 of in 10. Wy meie dus tefreden wêze mei dit risseltaat.” Tefreden binne wy ek, omdat wy eefkes om’e hoeke sjen mochten. Wy winskje Wiebina mei har ûndernimming dy’t ek har hobby is, alle sukses ta.

Harmen Scheepsma