Foutmelding

  • Deprecated function: Optional parameter $type declared before required parameter $key is implicitly treated as a required parameter in include_once() (line 1439 of /var/www/vhosts/gruttegelf.nl/httpdocs/includes/bootstrap.inc).
  • Deprecated function: Optional parameter $path declared before required parameter $langcode is implicitly treated as a required parameter in include_once() (regel 1439 van /var/www/vhosts/gruttegelf.nl/httpdocs/includes/bootstrap.inc).
  • Deprecated function: Optional parameter $item declared before required parameter $complete_form is implicitly treated as a required parameter in include_once() (regel 1439 van /var/www/vhosts/gruttegelf.nl/httpdocs/includes/bootstrap.inc).

Doethyna in jonge politika mei passy

Oan de Suderheawei, yn’e folksmûle ek wol de twadde Miedsjewei neamd, wennet Doethyna. Sy is iennichst dochter fan Roel en Wopkjen Vriesema. 

Om dy reden nochal beskerme opgroeid? Miskien wol wat in ferdoan famke? “Dat soe’k net tinke”, seit hja al gau, “ik ha wol in hiel moaie jeugd hân, mar fielde my earder strakker en stringer behannele as bern út in gruttere húshâlding”.

Hoe dan ek, der is har fan jongsôf by brocht om selsstannich te wêzen en har eigen wei te finen. Al wie it, as foarbyld, allinne mar om as lyts famke ûnderweis nei skoalle ta, altyd mar dy drokke Uterwei oerstekke te moatten.

Dêr, op skoalle, die Doethyna it wol sá goed dat nei de Basisskoalle en de VWO oplieding yn Bûtenpost, har in plakje oan’e Grinser universiteit wachte. Yn dy perioade, wenjend oan de Brandenburgerstraat, wie se fêste ynwenner fan dizze stêd. Yn’e wykeinen lykwols, wol faak gesellich by mem thús.

Yn 2015, nei in stúdzje “Bedrijfskunde” fan fjouwer jier mei hja har “Master of Science” neame. Dér dan! Der is in prestaasje levere..! Dat hja mei sa’n titel yn it bedriuwslibben telâne komme kin docht jin fansels gjin nij.

Yn elk gefal makket de Rabobank in boppeslach as hja Doethyna op harren leanlist sette! Rûnom hat hja yn dy baan yntusken wol wurke. Yn Burgum, Drachten en it Surhústerfean, wylst hja tsjintwurdich yn Meppel har wurkplak hat as teamlieder “Binnendienst Zakelijk Financieren”.

“Dit soarte fan wurk”, seit Doethyna, “hat altyd al myn ynteresse hân. As lyts famke boarte ik faak “bankje” mei pake Wieger en as ik mei heit en mem fakânsjereizen makke die ik itselde, mei de “peage”. It jild dat betelle wurde moast om op’e snelwei troch Frankryk te kommen. 

Geandewei krige hja ek niget oan politike saken. Lies datoangeande de kranten... Foarme harsels in miening oer tal fan saken. Ek oer wat yn eigen doarp en gemeente dien waard of ea heve soe. Dat lêste, dat wat heve soe, foaral!
Sa bedarre ús Doethyna, want sa begjinne wy har wat langer wat mear te neamen, yn in saneamde skaadfraksje fan CDA Achtkarspelen. “By dizze saneamde middenpartij fiel ik my it bêste thús”,  fertelt se. “Tink mar net dat ik dy kar makke ha allinne ûnder ynfloed fan thús want op folle mear plakken haw ik myn ear wol te lústerjen lein. Ha’k ek útpluze wat oare partijen dwaande hâldt.” 
De skaadfraksje, dêr’t hja in jier lang yn meidraait hat, like op in hiel soad terreinen safolle op de echte gemeenteried dat it har hiel moai talike om dêr ea diel fan út meitsje te kinnen. En wrachtsjes, sa jong as se is, is it  har slagge om sûnt de lêste ferkiezings diel út te meitsjen fan de Gemeenteried fan Achtkarspelen. Sy kriget no de kâns om mei al har oare kollegaas fan dizze Ried wier te meitsjen wat hja as it bêste beskôgje foar ús,harren boargers.

Sûnt maaie 2018 hat Doethyna yn har portefúlje “Ekonomy” en in part fan it “Sosjaaldomyn”.  Dat lêste giet oer de Participaasjewet, de WMO (Wet Maatschappelijke Ondersteuning) en de Jeugdwet. Dêr is se alhiel yn thús omdat hja yn dit stik fan saken ek  ôfstudearre is.

Mei ynmoed makket hja har alle dingen eigen dy’t fan belang binne om sa, sa’t hja it sels neamt, klear te stean foar de maatskippij. Benammen ek in foarbyld te wêzen foar de jongerein.  Dat is de driuwfear fan Doethyna... Wy sille fêstgenôch wol mear fan har hearre. 

Wy, de Surhústers, meie grutsk op har wêze en har folle sukses tawinskje. 

Harmen Scheepsma