In fin mear as in bears

Al gie er yn Stynsgea nei skoalle ta en wennet er al jierren op it Hearrenfean, dochs soe men fan Kornelis van Dekken sizze kinne dat er yn ieren en sinen in Surhúster is. Hy is yn safolle Surhúster saken belutsen fanút it “Fryske-Haachje” dy’t te meitsjen ha mei kompjûters en kommunikaasje dat er hjir hast net mist wurde kin.

Kornelis, no 44 jier, is de soan fan Andries en Douwina. Hy hat twa susters, Ankie en Henderika. Yn 1993 hat dizze húshâlding him yn Surhuzum nei wenjen setten. Eins wol graach, want hjír leine fan âlds de famyljewoartels. Nei de basisskoalle giet Kornelis nei de Mavo. Mei breed pakket, want hy docht it no ien kear net foar in bytsje. Nei syn eineksamen gie er ferfolgens nei in MBO oplieding boukunde. It giet op dy skoalle dat it slydjaget. Net sa frjemd dus, dat er him dêrnei by de Grinser HBO ynskriuwe lit, rjochting arsjitektuer!

Op it lêste jier nei, wit er ek dizze oplieding ta in goed ein te bringen. Nei safolle jierren stúdzje hied er der samar ynienen genôch fan. Hy sjocht dêrom om nei wurk en fynt al gau in baan yn'e Gerdyk as boukundich tekenaar. Dernei gie er oan’e slach yn Snits by in boukundich tekenburo. Opdrachten komme meastentiids fan arsjitekten en projektûntwikkelders. De lêste tsien jier is hy yn Snits wurkzaam by in boukundich advysburo foar de suvelyndusty.

Mar der bestiet fansels mear yn'e wrâld as wurk allinne. Sadwaande makket Kornelis sûnt 1997 diel út fan de redaksje fan’e “Grutte Gelf” it ferneamde doarpsblêd fan Surhuzum. Dat er dêr foar frege waard wie net sa ferwûnderlik want fan him wie bekind dat er fan jongsôfoan al nocht hie oan it meitsjen fan in eigen krante. Utfierd mei nijsgjirrige ferhalen út de omkriten en opmakke mei selsmakke foto’s. Beppes omkes en tantes, mei noch wat oare kunde, wiene syn fêste lêzers.

As er by de GG syn start makket, bestiet de redaksje út sân persoanen. Neffens de fjouwermansterke redaksje fan no, omtrint it dûbele, mar yn dy perioade wie fan it kompjûter tiidrek doe noch lang gjin sprake. Hielfolle hannelingen moasten doe noch hantmatich útfierd wurde. Mar fan it begjin ôf docht bliken dat dit jongste redaksjelid him sa thús fielt yn alles dat mei digitale kommunikaasje te meitsjen hat, dat er him al gau yn'e groep ûnmisber makket.

Sok nijs giet fansels oer hûzen en beammen. Ek by oaren yn in doarp falt op hoe feardich as er mei de kompjûter omgean kin. Al gau is Kornelis de ferantwurdelike man dy’t de eigen Surhúster webside fersoarget. Op fragen dêroer, hat er altyd in pasklear antwurd, ek al wennet er al jierren op it Hearrenfean. Boppedat is er sa feardich as it mar kin as der oer it ien of oar in stikje skreaun wurde moat. Troch de jierren hinne hat hy him sels nammentlik ûntwikkele as wied er in echte sjoernalist.

Kornelis hat lykwols ek syn sportive kanten. By ien fan soksoarte aktiviteiten, de bekinde “Slach om’e Toer”, tusken Kryst en Nijjier, is er altyd fan de partij. Dat er dêr tagelyk in ferslach fan makket foar de grutste nijsboarne fan Surhuzum, falt fansels ek de minsken op dy't dit hiele barren op poaten sette. Gefolch is, dat Kornelis tsjintwurdich ek bestjoerslid is fan dizze organisaasje. Dit binne samar in pear fan syn frijetiids beuzichheden.

Ek yn syn deistich wurk hat Kornelis troch de jierren hinne syn spoaren wol fertsjinne. In oantal jierren is er, noch altyd by itselde bediuw, ôfdielingshaad fan in fiifmansterke seksje. Opdrachtjouwers komme tsjintwurdich meastal út’e suvelsektor. Inkele wapenfeiten fan syn kantoar binne bygelyks de wér-opbou fan it molkfabryk fan Gerkeskleaster, nei de grutte brân yn 2014. Ek de útwreiding fan’e grutste tsiisfabryk fan Europa yn Warkum, stiet op harren namme. Krektsa mei de mânske suvelfabryk fan A-ware en Fonterra op it Hearrenfean en dy fan Danone Nutricia yn Haps ûnder Nimwegen. It binne allegearre grutte opdrachten dêr’t Kornelis mei nocht en fakmanskip syn oandiel yn hân hat. Wurdt nammentlik mei nocht en fakmanskip wurke dan is faakgenôch de sturt fan de iene opdracht de kop fan de oare.

Hoe dan ek, mei it opskrift hjirboppe oer dy bears mei syn ekstra fin is fêstgenôch neat te folle sein.

Harmen Scheepsma