Foutmelding

  • Deprecated function: Optional parameter $type declared before required parameter $key is implicitly treated as a required parameter in include_once() (line 1439 of /var/www/vhosts/gruttegelf.nl/httpdocs/includes/bootstrap.inc).
  • Deprecated function: Optional parameter $path declared before required parameter $langcode is implicitly treated as a required parameter in include_once() (regel 1439 van /var/www/vhosts/gruttegelf.nl/httpdocs/includes/bootstrap.inc).
  • Deprecated function: Optional parameter $item declared before required parameter $complete_form is implicitly treated as a required parameter in include_once() (regel 1439 van /var/www/vhosts/gruttegelf.nl/httpdocs/includes/bootstrap.inc).

In praatsje mei Sita Sijke Land-Dotinga

Sille wy dit yn ’t Nederlânsk opskriuwe of yn it Frysk, is eins altyd de begjinfraach oan de betreffende persoan. “Yn it Frysk fansels,” seit Sita, “want dêryn leit myn hert. Soks kin ek hast net oars, tinkt my, sa’t ik opbrocht bin mei in mem dy’t foar de FNP yn’e gemeenteried sit.” Dêr kin dan noch by opteld wurde dat pake Jan Dotinga in  Frysk taalpurist is en in ferneamd dichter fan poëzij.

Berne yn Stynsgea, leit dochs it grutste part fan Sita har jongereintiid yn Bûtenpost, dêr’t har âlders hinne gongen te wenjen. Nei it fuortset ûnderwiis dat hja dêr ek folge dreamde hja der fan om wat mei blommen wat te dwaan. Blommist soe se wol wurde wolle... Soks kaam lykwols net ta in útdragene saak. Wol wurke Sita mei folle nocht by Super de Boer as earstferantwurdlike foar de kas. Sy bleau ek oan it studearjen en waard direksje-siktaresse. Earst in oantal jierren by in útstjoerburo yn har eigen doarp en tsjintwurdich by “Bouwdiensten” yn’e Gerdyk. 

Yn 2012 krige hja kunde oan Martin Land fan’e Legeloane. Sy koene it sa goed mei inoar fine dat se al gau sochten nei in plakje dêr’t hja tegearre in nij hûs bouwe koene, it leafst wat bûtenút. En hoe koe it sa moai, sy kamen yn it besit fan it pân dêr’t earder de broers Alma wennen oan’e Suderheawei. Dat is no seis jier lyn. Martin en Sita stappe dan yn it houliksboatsje, krigen hast twa jier lyn in lytse Femke en wiene neist harren deistich wurk ûnder tafersjoch fan saakkundigen almar dwaande oan de realisaasje fan harren nije went. Safolle mooglik woene hja alles sels dwaan. It graven fan de fûneminten, it stellen fan’e kezinen en opperje as it oan it mitseljen ta wie. “Al dit hantlangjen doch ik fansels yn styl”, seit Sita, “sjoch mar, ik ha my in rôze overall oanskaft. Hast oeral op’e boupleats bin ik ynsetber, mar ik wol dan wol werkenber wêze as frou! Fertel my mar net dat froulju gjin saneamd manljus wurk dwaan kinne”.
Komt men fan bûtenút yn in nij doarp te wenjen, dan is it faaks ek  wol noflik om mei diel út te meitsjen fan it doarpslibben. Sa bedarret Sita fia fia, dêr’t har mem Maaike miskien stikem ek wol de hân yn hat, as notuliste yn it bestjoer fan Pleatslik Belang. Hja docht it mei nocht en mei ynmoed... 

Mar dan wurdt de namme fan Sita Dotinga samar ynienen, bekind by wolhast elke Surhúster. Dat sit sa: de lêstholden jiergearkomste fan it Pleatslik Belang dy’t fêststeld wie en trochgean moast, siet ûnferwachte sûnder foarsitter. Troch de oerbleaune PB-leden moast hastich ried skaft wurde.

Sita soe, wie elk fan miening, it bêste de jiergearkomste foarsitte kinne. Dêr skoarre dizze frou wol raar tsjinoan mar sy krige de fersekering fan alle oare bestjoersleden dat se har der mei-inoar troch skuorre soene. De sitewaasje lei der no ienkear sa hinne. “Dat stelde my sadanich gerêst,” seit Sita no, “dat ik it oandoarste. De opkomst wie grut en ek de fragen en kwestjes dy’t oan’e oarder kamen wiene  grut yn oantal,mar alles gong dat it slydjage. Nei ôfrin reinde it kompliminten en krige ik applaus. Dêr wie ik wol hiel bliid mei.”

Oan alles is te fernimmen dat it wurk fan it Pleatslik Belang libbet by de ynwenners fan Surhuzum. Sels by de jongerein fan it doarp want wa jout him op as nij bestjoerslid?  In tweintiger, Klaas Pool! Sa’t de kaarten der no hinne lizze moast der in ferdieling komme fan de ferskillende taken.  Dat sjocht der no sa út: Sita Dotinga foarsitter, Hilly Holthuis notulist, André Barwegen siktaris, Cora Groenhof en Klaas Pool binne sûnder portefúlje, wylst der noch muoite dien wurd om in ponghâlder te finen.

Mei inoar ha se noch in soad wurk te fersetten want der stiet hiel wat op priemmen, lykas de fernijing  fan de N358 de oanlis fan de fytstunnel, de ovonde en net te ferjitten, it ferpleatsen fan de balkespringer. Dan de mânske blombakken noch, dy’t der om freegje it hiele simmerskoft foarbyld te wêzen fan de blommepracht dêr’t Sita eartiids fan dreamde.

Alles oersjende, stiet har as foarsitter fan it Pleatslik Belang noch genôch te wachtsjen. Har deistich wurk, de soarch foar Femke en de ôfbou fan har nije wenplak tegearre mei Martin. Sita sjocht lykwols de takomst fol moed en fleurich temjitte.

Folle sukses tawinske!

Harmen Scheepsma