Keninklike ûnderskieding foar Harmen Scheepsma

Trou oan de tradysje is der elk jier om Keningsdei in Lintsjesrein yn Nederlân, dit jier op freed 24 april. Fanwege it koronafirus wie de Lintsjesrein dit jier yn oanpaste foarm. Normaal sprutsen wurde de ynwenners dy in lintsje krije mei in ferlechje nei it gemeentehûs lokke, sadat de útrikking in ferrassing is. Dit jier belle boargemaster Oebele Brouwer mei de dekorearren, net op ôfstân mar fanút de eigen foartún.
En sa waard dizze moarn de 84-jierrige Harmen Scheepsma troch de boargemaster ferrast mei de meidieling dat hy troch Syn Majesteit de Kening ta ‘Lid in de Orde van Oranje Nassau’ wie beneamd. It opspjeldzjen fan it lintsje bart op in letter momint. Lanlik wurdt dêrfoar in nije datum bepaald.

Lykas jimme witte is Harmen Scheepsma fanôf it begjin yn 1988 belutsen by de Grutte Gelf, en dêrmei ek it langst aktyf fan alle frijwilligers. Harmen Scheepsma is net allinne redaksjelid, mar ek aktyf as besoarger en fersprieder fan it doarpsblêd. Nei achttjin jier aktyf west te wêzen as redaksjelid, gy hy fjirder mei it meitsje fan fraachpetearen. Hy fersoarget noch hieltyd de fersprieding fan ’e Grutte Gelf nei de besoargers en nei de adressen bûten de doarpsgrinzen. Hy hat jierrenlang wyks in soad oeren bestege oan it redaksjewurk. De kompjûter hie syn yntree noch net dien, dus moast elk stikje mei de typmasine typt wurde. Harmen Scheepsma hat ek de omslach fan ’e Grutte Gelf betocht, dy’t oant de dei fan hjoed noch giel mei swart is. Hy wie de oanjager fan ’e redaksje en soarge derfoar dat der mei elkoar in moai blêd ôflevere waard. It doarpsblêd hat bliken dien fan grutte betsjutting te wêzen foar it doarp. It blêd hat in ferbinend karakter en dat is yn oerienstimming mei it karakter fan Harmen. Nei it ferlitten fan ’e redaksje hat Harmen tsientallen fraachpetearen holden mei doarpsgenoaten en soarge der ek foar dat minsken mear oer elkoar wisten en har (foar)oardielen oan ’e kant setten.

Yn ’e jierren ’60 en ’70 wie Harmen Scheepsma foarsitter fan it skoalbestjoer fan ’e kristlike legere skoalle dy’t yn 1971 de namme Johannes Looijenga krige. Doedestiids wie de skoalle noch selsstannich en hie it skoalbestjoer in hiel ferantwurdlike en bepalende rol. Harmen Scheepsma krige dingen dien en spile in wichtige rol yn ’e ûntwikkeling fan ’e skoalle en dêrmei ek yn ’e foarútgong fan Surhuzum.

Foar de Grifformearde Tsjerke Stynsgea-Surhuzum hat Harmen Scheepsma trije perioades sitting hân yn ’e ‘Kommisje fan behear’ fan ’e Pypketsjerke. Hy hat jierrenlang mei in soad ynset en belutsenens syn bekwamens as ferbiner en foarsitter toand. Harmen siet yn ’e boukommisje dy’t yn 1971 tafersjoch hie op in grutte ferbouwing. Mei, tank sij it wurk fan Harmen, is der in gebou ûntstien dat in grutte ynfloed hie op it tsjerkelibben, yn sawol Stynsgea as Surhuzum.