Nijs fan it Pleatslik Belang

Op de lêste gearkomste hawwe wy it hân oer de jiergearkomste. Dy wurdt 26 maart holden yn it pankoekehûs “Landzicht” om 20.00 oere! Eltsenien is fan herte wolkom!

Op ’t stuit binne wy ûnder oare dwaande mei de Balkespringer. It soe fansels moai wêze dizze mear yn it ljocht te bringen. De plannen dêrfoar moatte noch fierder útwurke wurde.

Derneist is it Pleatslik Belang ek belutsen by it projekt renovaasje Doarps­strjitte. Dizze draait op folle toeren. Yn febrewaris is der wer in ynrinjûn west en dizze jûn waard goed besocht troch entûsjaste minsken. De Doarpsstrjitte moat fansels noch wat mei grien oanklaait wurde, dit sil yn de kommende tiid yn gearwurking mei de gemeente yn gong setten wurde. It sil moai wurde oan de Doarpsstrjitte!

Bestjoer Pleatslik Belang