Nijs fan Pleatslik Belang

Wy binne as bestjoer hiel bliid om jim te fertellen dat Klaas Pool fan it Noard lid wurden is fan ús bestjoer. Fan herten wolkom! We sykje noch in ponghâlder. Minsken dy’t graach lid wurde wolle fan Pleatslik Belang kinne dit oanjaan troch in mail te stjoeren nei it mailadres fan it sekretariaat: pbsurhuizum@gmail.com. Jim krije dan in presintsje as wolkom.

Wy binne drok dwaande om foar elkoar te krijen dat der ein fan dit jier dochs noch in toanieljûn holden wurde kin. Wy hoopje dat it lûkt en oars wurdt it kommend jier.

Fierder hawwe wy de punten fan de jiergearkomste fan maart oer de ynfrastruktuer (bygelyks parkeare op de stoep) by de gemeente dellein.

Dan noch wat oer “zwerfvuil” yn en rûnom Surhuzum: 
Wy hawwe kontakt hân mei de MOA (Maatschappelijke Onderneming Achtkarspelen). Dizze minsken soargje der foar dat it bûtengebiet fan Surhuzum skjin holden wurd. Sy geane meardere kearen yn’t jier troch dat gebiet.  Ek kinne jim sels nei dhr. Gjaltema (fan de MOA) maile at jim sjogge dat der earne hiel folle troep leit. Syn mailadres is: g.gjaltema@moa-werkt.nl. De minsken fan de MOA wolle it graach opromje!
Yn Surhuzum sels wurdt de rommel opromme troch leden fan SVS en DTS. Sa hâlde we Surhuzum en omkriten moai skjin. Wy kinne sels natuerlik ek de romte foar hûs en oer de wei skjin hâlde. It is gjin wurk om in blikje of stikje plastik op te pakken en yn de kontainer te goaien!

Groetnis,
Bestjoer Pleatslik Belang Surhuzum