Nijs fan Pleatslik Belang

De bêste winsken 
Allerearst foar eltsenien folle lok, seine en in soad oare goede winsken foar it nije jier. Ôfrûne âldjiersjûn is rêstich ferrûn. Op it kuorbalfjild waard fanôf moarns oant middeis doe’t it tsjuster waard karbitsketten. De middei waard ôfsletten mei sierfjoerwurk en in grutte brânsteapel. In soad Surhústers kamen efkes del om te sjen en de sfear wie goed. Chapeau foar de organisaasje! 

Fixi 
Wy wolle graach noch in kear oandacht jaan oan Fixi. As jo ​​in melding trochjaan wolle oer de iepenbiere romte by de gemeente, bygelyks foar glêdens, losse stoeptegels of wetter oerlêst, dan kinne jo dit dwaan fia Fixi. Wy as Pleatslik Belang binne bliid mei de webside. De gemeente kin mei help fan Fixi flugger reageare en pakt saken ek flugger op. Binne jo benijd wat Fixi is? Sjoch dan ris op www.fixi.nl en zoom ris yn op Surhuzum. 

Binne jo al lid fan Pleatslik Belang? 
De lêste jierren binne der nochal wat nije Surhústers bykaam en wy soene it moai fine as jo mei ús meitinke wolle oer de leefberhiid yn ús doarp. As Pleatslik Belang freegje wy in jierlikse bydrage fan € 7,50. Binne jo nijsgjirrich nei wat wy dogge? Wolle jo miskien by ús yn it bestjoer? Stjoer ús dan in mailtsje fia pbsurhuzum@surhuzum.nl. Meikoarten mear hjiroer. 

Freonlike groetnis, 
Pleatslik Belang