Nijs fan Pleatslik Belang

As it net giet sa as it moat, dan moat it mar sa as it giet. Wy moatte ús noch efkes steande hâlde en de  regels yn acht nimme.

Sa as de measte ynwenners witte, binne wy noch altyd dwaande mei de Balkespringer. Wy soenen dizze graach by de tsjerke stean ha wolle, mar dat is net samar klear. Wy binne yn kontakt mei de gemeente Achtkarspelen en wy sille besykje sa rap as mooglik mear dúdlikens te skeppen.

Op woansdei 14 oktober en moandei 19 oktober hat GMB Rioleringstechnieken B.V. út namme fan de gemeente Achtkarspelen de riolearring op de Bartemerwei oanpakt. Dizze is renovearre troch yn it haadriool in keunststoffuorring oan te bringen.

Ferline jier binne der foar de spulwike échte Surhúster flaggen makke. Der wiene 150 stiks en se wiene gau ferkocht. Om’t wy hjir en dêr hearre dat der mear animo is, wolle wy graach ynventarisearje wa’t allegear in flagge keapje wol en at dit dan in grutte as leaver in lytse flagge wurde moat. Ôfhinklik fan hoefolle animo der krekt is, kinne wy de krekte priis fertelle.
Wolle jo in flagge bestelle, dan hearre wy dat graach. Dat kin fansels efkes troch in appke nei ien fan ús bestjoersleden as troch in mailtsje te stjoeren nei pbsurhuzum@surhuzum.nl. Jo binne fansels ek frij om ien fan ús bestjoer oan te sprekken.

Groetnis, Pleatslik Belang