Pytsje

Dat dizze frou al sân krúskes op’e rêch hat is har wier net oan te sjen, sa fleurich en optein sjocht hja it deiljocht temjitte. Pytsje is de dochter fan Rinze en Jantsje Bouma. Har heit ried eartiids as molkboer mei syn brijkarre troch Surhuzum. Hie hast elk as klant. Har mem stie thús noed foar de winkel. Pytsje hat twa broers dy’t âlder as har binne: Piet en Eppie. Nei har, komme Alie, Ruurd en Nynke. 

Yn’e tiid dat hja nei de legere skoalle gong, bewarre master in apparaatsje yn’e kast, dat har om’e nekke hongen waard, sadat se de lessen better folgje koe, want Pytsje hat in gehoarprobleem. “Us heit en mem ha dêr lykwols wol wat mei hân, want ús Eppy koe ek net goed hearre en ús Pyt moast, as jonkje fan fjouwer jier, al nei in ynternaat omdat hy hielendál dôf wie en dat ek altyd bleaun is. It lytse mantsje kaam allinne mar yn’e fakânsjes thús”. 

Nettsjinsteande har stroffelstien, koe Pytsje  goed meikomme op skoalle en gong hja dêrnei, nei de húshâldskoalle yn Gruttegast. Ferfolgens die se in INAS ferpleechoplieding yn Drachten, rûn hja staazje yn Ermelo en waard fierder oplaat yn Feanwâlden en Noard-Burgum. Stie sadwaande hânsum te boek as allround soarchwurker!  

Yn dy jongfammetiid wie de belangstelling foar de jonges, ensa, fansels allang ûntflamme. Saneamde “feilingen” op in sneintemiddei, wiene rûnom. “Wy gongen”, seit Pytsje glunderjend, ”as kollegaas wolris mei de trein nei de Westerein om ús oan’e jonges sjen te litten. Dy fytsten dêr dan bylâns mei soms opstrûpte mouwen. Sa stoer as it mar koe! Wat in moaie tiid wie dat.” 

Wat de Bouma’s jimmer yn’e genen siet, is dat se omraak reedride koene. Sa gau as it mar wat fertroud wie, wienen se op it iis te finen. “Dan bûnen ús heit en myn omkes de houtsjes ûnder en waarden der tochten makke. Sáfolle nocht hie ik dêrsels ek oan, dat ik einliks fanjongsôfoan gewoan mei de mannen op ried”. As bewiis dat se meidien hat oan de TOCHT DER TOCHTEN, hinget oan it lewant yn’e wenkeamer it Alvestêdkrúske dat hja yn 1986 helle hat. Tuskentiden hie se har dêrfoar yn kondysje holden troch altyd hiele einen te rinnen en by De Tûke Smiters hiel wat ballen yn’e koer te keilen. 

Mar folle earder, yn’e tiid fan Ard en Keessie en de “autolozezondag”, is it de 24ste maart yn 1973, dat de saneamde DOLLLE SCHAATSNACHT yn Ljouwert holden wurdt. Pytsje, dy’t dêr fansels net mist wurde kin, kriget dêr kunde oan in himmele jongfeint en wurdt nei ôfrin thúsbrocht troch Tsjalling Talstra. “In jier letter binne wy  troud”, seit Pytsje. Trije bern ha se tegearre: Janette, Eeltsje en Marjan. 

It is yn 1984 dat Pytsje foar it earst yn oanrekking komt mei de begraffenisferiening “De Laatste Eer” fan Surhuzum. Har heit dy’t dêrfan yn it bestjoer sit, hat op in kear help nedich. Sadwaande skinkt Pytsje kofje yn foar famylje en kunde dy’t nei in begraffenis dy’t krekt west hat, noch even neisit. Fan it ien komt it oar en al gau is Pytsje nei belutsen by it ôflizzen fan minsken dy’t stoarn binne. Fan har profesje hie hja dêr ommers  al sa faak mei te meitsjen hân by har wurk yn Toutenburch. 

“Jo witte net”, seit Pytsje, “hoefolle foldwaning as dit wurk faak jout. De minsken dy’t it oangiet hawwe faak it grutste fertriet en dan komme wy om dát te dwaan wat no ienkear dien wurde moat. It kin net oars of it rekket jinsels ek, mar wy hawwe leard om der mei om te gean. Dochs bliuwe der in hiel soad dingen dy’t ik meimakke ha, op myn netflues stean. Tankber bin ik wol, want no, no’t ik der nei  in perioade fan twa-en-tritich jier mei ophâlde wol, sjoch ik werom op in diel fan myn libben dat ik net graach misse wold hie.”

Pytsje jout it stokje troch oan in jongere generaasje. Sa is de rin fan it libben. Sa tankber as Pytsje is dat hja dit wurk  salang dwaan mocht, sa tankber is Surhuzum har, dat se it al dy jierren mei safolle ynmoed dien hat. Pytsje, wy swaaie dy alle lof ta!  

Harmen Scheepsma

By de foto: Pytsje Talstra waard út namme fan de begraffenisferiening yn’e blommen set troch Djoeke Postma. Boppedat waard se noch ferrast mei in kadobon foar har geweldige jierrenlange ynset.