Raamtekening oan ’e Doarpsstrjitte

Op in trochdewykse dei stie Djoeke Postma hjir samar foar de doar. Se hat in fraach foar de Grutte Gelf.
As ik ek wat skriuwe wol oer hoe as ik de tekeningen op (en foar) de ruten meitsje. No hâld ik net sa fan yn de “picture” te stean, mar ik help oaren wol graach.
Myn skoanheit seit hjiroer tsjin my: “alleen gekken en dwazen, schrijven op deuren en glazen”, no dat sil sa wêze. Ik ha der nocht oan en dat is it wichtichste toch? As minsken dan ek noch stean bliuwe as wat stadiger foarby rinne om it te lêzen en te sjen, dan fyn ik dat prachtich!
It “raamtekenen” is hiel ienfâldich en eltsenien kin it dwaan. Ik bin net berne mei in tekentalent).

It makkelikste is op in webside sa as  bygelyks www.raamtekening.nl foar in pear euro in tekening te bestellen. Dy printe je dan út op it winske formaat. Mar je kinne elk plaatsje as tekening der foar brûke fansels. Ferfolgens plakke je dy oan de bûtenkant fan it rút, mei de tekening nei binnen ta, sa dat je dy binnen goed sjen kinne.
Mei spesjale stiften foar op glês (ûnder oare ek te bestellen fia www.raamtekening.nl en nee, ik ha gjin oandielen) tekenje je dan de tekening oer op it rút (oan de binnenkant).
By dûbel glês is dat wat lestiger, dan ferspringt de tekening wat, mar dat is op te lossen troch ien each ticht te dwaan by it tekenjen.
As je wol in tekentalent ha dan kinne je fansels ek je eigen tekeningen meitsje en op de ruten tekenje.

Ha je je nocht wer fan de tekening? Dan is it hiel makkelijk mei Glassex wer fan de ruten ôf te poetsen (de echte Glassex, dy wurket better as oare merken).

Sa simpel? Ja! 

Afke Hooghiemstra