Foutmelding

  • Deprecated function: Optional parameter $type declared before required parameter $key is implicitly treated as a required parameter in include_once() (line 1439 of /var/www/vhosts/gruttegelf.nl/httpdocs/includes/bootstrap.inc).
  • Deprecated function: Optional parameter $path declared before required parameter $langcode is implicitly treated as a required parameter in include_once() (regel 1439 van /var/www/vhosts/gruttegelf.nl/httpdocs/includes/bootstrap.inc).
  • Deprecated function: Optional parameter $item declared before required parameter $complete_form is implicitly treated as a required parameter in include_once() (regel 1439 van /var/www/vhosts/gruttegelf.nl/httpdocs/includes/bootstrap.inc).

Slach om ’e Toer live op de radio in Fryslân fan ’e moarn

Voor het radioprogramma Fryslân fan ’e moarn van Omrop Fryslân was verslaggeefster Maaike van der Hoek vrijdag 27 december in Surhuizum voor de wandeltocht Slach om ’e Toer. In het voorgesprek met presentator Hans Koster vroeg Maaike zich af of mensen wel zin hadden om na de kerstdagen aan een wandeltocht mee te doen. Immers, veel mensen doen juist op tweede kerstdag al mee aan een wandeltocht.

“Te kuierjen fan ’e moarn begryp ik”, vraagt Hans Koster aan Maaike van der Hoek. “Ja, dat kloppet yndie. It wie juster al yn it nijs dat it hartstike populêr is om op twadde krystdei in kuiertocht te rinnen, mar ek hjoed wurdt der noch in kuiertocht rûn en dy is yn Surhuzum. En dy skynt ek hiel populêr te wêzen. Ferline jier wiene der sa’n alvehûndert dielnimmers.” “It is wol goed foar de kaloryen, mei al dat iten fan ’e krystdagen” zegt Van der Hoek. “Ik tink dat in hiel soad minsken dêrom ek starte, soe it net”, aldus Koster. “En it is hjoed moai waar om te kuierjen.”

Even later is Maaike van der Hoek live vanuit Surhuizum te horen op de radio. “Hjir yn it doarpshûs fan Surhuzum binne de earste dielnimmers al binnen”, zegt Van der Hoek. “Neist my stiet Pieter Loonstra en jo binne organisator fan de kuiertocht Slach om ’e Toer yn Surhuzum. Wat kinne jo fertelle oer de tocht?” “It is in echte winterkuiertocht, mei fan alles der op en der oan. Dit jier giet de tocht fan Surhuzum nei Surhústerfean, in stikje fan ’e Kompenije en dan yn de rjochting fan Trimunt”, vertelt Pieter Loonstra. De tocht loopt over gewone wegen, maar ook over oude paden en routes die anders dicht zijn voor het publiek. De tocht eindigt weer in De Delfeart aan de Bartemerwei.

“Hoefolle minsken dogge der mei hjoed?”, vraagt Van der Hoek aan Loonstra. “Dat witte wy net”, zegt Loonstra. “Wy hawwe in frije ynskriuwing. Der is gjin foarynskriuwing. Dus dat moatte wy ôfwachtsje.” “It is dus in ferrassing”, zegt Van der Hoek. “Ja, wy geane foar tûzen, mar it kinne der ek mear wêze sa as ferline jier. Doe diene der mear as alvehûndert mei”, vertelt Loonstra.  “Op fiif plakken steane minsken fan ús op de rûte. Yn in gebou fan Steatsboskbehear komt alles wer byinoar, dêr binne oaljekoeken en sûkelarjemolke.”

Wanneer de eerste wandelaars onderweg zijn, spreekt verslaggeefster Maaike van der Hoek met Nynke Kloosterman, één van de oprichters van de tocht. Kloosterman opende de tocht en had een aantal leuke feitjes, want de tocht bestaat tien jaar. “En yn dy tsien jier binne der hiel wat dielnimmers west?”, vraagt Van der Hoek. “It begûn oait mei 400 oant 500 minsken”, vertelt Kloosterman. “Wy hawwe ek wolris 300-400 minsken hân, mar doe wie it echt hiel min waar. Mar de ôfrûne jierren al faak oer de 1.000.”

“Us tocht stiet bekend om de oaljekoeken en snert. Yn de ôfrûne njoggen jier hawwe der sa’n 6.300 minsken meidien”, vertelt Kloosterman. Daar moet genoeg snert voor gemaakt worden. “Der is no 300 liter snert, dus der wurde no ek wol 1.000 minsken ferwachte.” Hoeveel snert is er dan in al die jaren doorheen gegaan? “Yn ien liter snert sitte sa’n trije oant fjouwer kopkes snert, dus yn de rin fan de jierren is der wol 12.000 oant 14.000 liter snert trochhinne gien”.

Ondertussen is het bij het startbureau ook een drukte van belang. “Jim hawwe it der mar drok mei”, zegt Van der Hoek. “Der komme alle jierren in tûzen, alvehûndert kuierders”, zegt Jan Pool, vrijwilliger bij het startbureau. “Wy begjinne om in oere of healwei achten te skriuwen. Mar de earsten meie pas om in oere of healwei njoggenen fuort. It is krekt sa as mei tsjerkefolk, se wolle earst efkes by elkoar sitte foardat hja fuortgeane. Se prate earst efkes mei-inoar. Om healwei njoggenen giet de langste rûte fuort”. Ook zoon Ieme (15) is vrijwilliger bij het startbureau. “De kuierders moatte in kaartsje ynfolje en dêr skriuw ik it startnûmer op. Mocht der dan wat barre, dan witte wy of hja al werom binne of net”, vertelt hij.

“Ik tink dat as daliks de 20 kilometer begjint, ik mar in stikje meirinne moat”, zegt Maaike van der Hoek. “En wa noch meirinne wol is fan herte wolkom.” “Yn Surhuzum dus, by de kuiertocht Slach om ’e Toer”, besluit presentator Hans Koster de reportage over de Surhúster kuiertocht. Uiteindelijk deden er 1221 wandelaars mee aan de tiende editie van de wandeltocht Slach om ’e Toer. Meer dan de organisatie en zeker verslaggeefster Maaike van der Hoek van te voren hadden gedacht. Wandelen blijft dus een zeer populaire activiteit, en dat niet alleen op tweede kerstdag!

Kornelis van Dekken