Streeksette en Trochrinne

Op de 29ste jannewaris 1947, as er te genietsjen falt fan de stilte en de romte fan it wide fjild en de skientme fan de beferzen Surhúster dreven, sjocht Pieter Loonstra it libbensljocht. As er as in sûne setter opgroeid mei âldere susters boppe- en in jongere broer ûnder him en nei skoalle sil, moat er in sânreed del dy’t út eastlike rjochting wei, útkomt op'e Doarpsstrjitte. Rjocht op it hûs oan fan Simon Zuidersma, dêr’t no de famylje Nijboer wennet. Fan de Uterwei, sa’t dy der nó hinne leit, is dan noch hielendal gjin sprake.

It mei sa wêze dat syn berte by’t winter ynfloed hân hat op syn hâlden en dragen fan letter want sadree’t der froast yn’e loft sit, betinkt Piter oan hokker tocht oft er no wol of net mei dwaan sil. It reedriden as sadanich is him dan ek mei de breileppel yngetten. Achterhûs lei by’t winter nammentlik faak in grutte iisflakte dêr’t mar raak riden wurde koe. Syn tsien jier âldere broer Johannes wie dêrby in goede learmaster, krektlyk as buorman Melle Buruma. “Begûn it jûns te donkerjen, dan mochten wy de beide stâllampen fan ús heit brûke. Dy kamen elk op in ein fan’e baan te stean en dan koene wy mar taride salang’t der mar peteroalje yn’e lampe siet”.

Piter wie noch mar in jongfeint fan fjirtjin, doe’t er him ynskriuwe liet as dielnimmer oan de Achtkarspelentocht op redens dy’t organysearre waard op 28-12-1961. Hoefolle tochten oft Piter neityd ek riden hat op redens, op’e fyts of rinnendewei oer paden en troch lannen omdat er no ienkear in natuerminske is, oan dizze earste tocht tinkt er noch altyd mei it grutste nocht werom. “Wy wiene fiifman sterk”, seit Piter, “myn twa jier âldere broer Sietse en dy syn kammeraten Karst van der Vaart, Fokke Alma út Stynsgea en ik mien te witten, Ludzer van der Schors en iksels dan noch mei as junior”.

Syn eagen begjinne op foarhân al te glinsterjen as er fertelt hoe't se nei Blauforlaet fytsten om by de start te kommen. “Wy koene doe, yn dy winter, dat sûnt net wer sa west hat, oer it kanaal ride. Want al wiene it allinne mar skossen sadat it mear op klunen as op riden like, it wie hynste-iis. Sa sterk! Wy gongen rjochting Gerkeskleaster-Stroobos dêr't wy ús earste stimpel ophelje koene. Doe werom oer dat minne iis nei Stynsgea ta om in stimpel.  Sa gong dat fia de feart hinne en werom nei de doarpen fan Achtkarspelen.  Nei Harkema, nei Bûtenpost, nei Droegeham dêr’t wy in útsmiter krigen en yn Jistrum/Skûlenboarch in fleske gaseuze. In fleske gaseuze noch wol... Mar yn Twizel nei de finish fan’e 45 km lange tocht kamen wy yn in kroegje telâne dêr't it sa mâl gong fanwege de drank en de wille fan’e dielnimmers dat de hekjekachel op’t lêst oer de flier lei. Ik fûn it prachtich dat ik der by wêze mocht en as oantinken krigen wy ek noch in soarte fan medalje mei dêrop in ôfbylding fan de Surhúster tsjerke mei syn bysûndere toer!”. It oantal tochten dy’t Piter dêrnei riden hat, binne amper te tellen. Mar wol moat yn dy rige de Weissensee eefkes neamd wurde en de 11stêdetochten fan 1985 en 1986 dy’t er riden hat tegearre mei syn omkesizzer Arjen van der Veen. Soks bliuwt no ienkear foar elk dy’t meidocht in prestaasje fan de boppeste planke.

Piter hat folle mear by de ein hân wat mei sport en ûntspanning te meitsjen hat, dêr’t er ek in hiel soad oaren yn belûkt. Sa komt er jierren lyn, yn kontakt mei âld Surhúster Nynke Kloosterman dy’t yn Bûtenpost mei-organisator is fan de saneamde Swadde kuiertochten. Mei help fan withoefolle frijwiligers ûntstie dêrút sadwaande in “Slach om ’e Toer”. Om dy fan Surhuzum wol te ferstean. Elk jier tusken Kryst en Nijjier dogge dêr no hyltyd mear minsken oan mei dy’t in koarte of in langere kuier meitsje wolle op hiel moaie, mei pylken útsette paden. It ôfrûne jier wiene der al mear as tolfehûndert dielnimmers. Allegearre krije hja nei ôfrin in kop lekkere snert om wer op ferhaal te kommen. Boppedat wurdt harren ek noch in medalje opspjelde as oantinken. 

Mei dy “medalje” is wat bysûnders oan’e hân want omdat dizze lêste alwer de tsiende edysje wie fan in “Slach om ’e Toer” is it in replika wurden fan de earste dy’t Piter fertsjinne doe’t er 58 jier ferlyn de Achtkarspelentocht fan 1961 útriden hat. Net te hoopjen is dat Piter dizze beide betinkpennings sjocht as begjin en ein om dingen op poaten te setten, mar dat it him earder ynspirearret om der mei fierder te gean. It smakket nammentlik nei mear!!

Harmen Scheepsma