Nijs fan Pleatslik Belang

Surhúster flaggen
Der binne wer nije Surhúster flaggen beskikber. Neist de flaggen mei standert ôfmjittings (150 x 100 cm) hawwe wy no ek – op fersyk fan guon út it doarp – grutte flaggen (225 x 150 cm) beskikber. De priis foar in lytse is €15,- en foar in grutte €35,-. Wês der fluch by, want se binne yn in smook fuort. 
De flaggen binne te bestellen en ôf te heljen by Aafke Rijpma (mob. 06-25230527) op de Uterwei 18. 

Fytstunnel
Lyk as guon al sjoen hawwe is it wurk oan de fytstunnel al begûn. It hûske is fuort, en sy binne no dwaande om ûndergrûnske ynfrastruktuer te ferlizzen. De kabels moatte omlein wurde. Út en troch binne der minsken dwaande. Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei Peter van der Haar 058 - 292 59 25 as provincie@fryslan.frl. Jo kinne it Pleatslik Belang fansels ek in e-mail stjoere fia pbsurhuzum@surhuzum.nl.

Crash B-17 bommenwerper “The Sky Queen” 1943
Yn in eardere edysje fan de Grutte Gelf is alris skreaun oer “The Sky Queen” dy’t yn 1943 delstoarten is by it Langpaed. Pleatslik Belang hat twa kear by Bindert Helder op besite west yn Gryptsjerk om it hjir oer te hawwen. Yn ’e tuskentiid is op oanrieden fan de EOD (Explosieven Opruimingsdienst) in mail skreaun oan de ôfdieling Openbare Orde en Veiligheid fan de gemeente. It is no oan boargemaster Oebele Brouwer wat de gemeente mei dizze saak dwaan sil.

As jo mear wite oer de crash nim dan kontakt mei ús op fia pbsurhuzum@surhuzum.nl

Freonlike groet,
Pleatslik Belang