De Westereender strjitmakkers yn’t sintsje

Straters neame wy ússels sizze Geert en André Wijbenga út de Westerein. Strjitmakker of strater, dat docht der net ta, wol dat hja der mei har beiden foar soarge ha dat de Doarpsstrjitte lang om let wer begeanber wurden is. Salang’t de opknapbeurt hjirfan duorre hat, gongen hja alle dagen mei de auto op en del fan’e Westereen hjir hinne, om hyltyd op’e nij de tried wer op te pakken. Mar sy ha de put derút, de trochgong troch Surhuzum is klear. Moai strak leit de nije wei deryn. De midden justjes heger as de kanten, makke fan de âlde hânbakte klinkers fan de foarige strjitte. Mei opsetsin sa útkeazen omdat soksoarte stien mear en mear seldsum oan it wurden is. In sirkeltsje fan grize stien op elk krúspunt. 

It is allegearre folle letter wurden as oarspronklik de bedoeling wie. By de plaknammebuorden oan de yngong fan ús doarp stie yn it begjin ommers oanjûn dat de hinder dy’t wy as bewenners der fan ûnderfine soene, duorje koe oan ein april ta. Fan dit jier dan, wol te ferstean! Mar it waar, dêr’t wy gjin ynfloed op ha, goaide safolle roet yn’t iten dat der gjin gaadlik plan foar te betinken wie. Oannimbedriuw Witteveen út Surhústerfean, dy’t op ien en deselde dei syn hantekening sette ûnder it kontrakt mei Gemeente Achtkarspelen om Surhuzum sawol as Harkema tagelyk ûnderhannen te nimmen wie tige optein mei dizze klus. 

Hidde van der Galiën in foaroanman fan dit bedriuw fertelt dat hja dêrby help krije soene fan Witteveen Drachten as ûnderoannimmer. Wol faker wurkje dizze beide bedriuwen mei-inoar op. Der kaam in wurkskema op’e lappen. It waar spile lykwols in neidielige rol en dan is der gjin “plannen” of wat dan ek mar, oan. De winter foel der yn. Hja krigen te meitsjen mei kjeld, drek en reinwetter. Mar lykas Ede Staal eartiids al song,”It het nog nooit so donker west of’t wodt altyd wel weer licht”, sa kaam der foar dizze hurde wurkers ek wer ljocht oan’e ein fan’e tunnel. Der koe op’t lêst wer wat dien wurde. It djippe rioelwurk dêr’t Witteveen boarch foar stiet, de oanslutingen fan gas en wetterliedings foar wer oare bedriuwen en al sawat hinne, krige syn beslach. 
Eintsjebeslút, moat fansels wol de lêste hân lein wurde oan it kerwei en moat de eigentlike strjitte der wer yn. Soks is fakwurk dat mei de hân útfierd wurde moat. De ferantwurdlikheid hjirfoar waard lein yn’e hannen fan’e beide broers Geart en André Wybenga út’e Westereen. Geert, de âldste, fungearre mei help fan in shovel eins de hiele kilometer lang, as opperman. Tegearre setten hja de linen út en rijden hja it sân flak om in moai resultaat te krijen. Ferfolgens gong André op’e knibbels fan de iene kant fan’e wei nei de oare, om de klinkers, sa’t hja it neame yn keperferbân teplak te lizzen. Hy hat dus, kinne wy sizze, elke stien fan ús fernijde Doarpsstrjitte yn’e hannen hân en dy boppedat fakkundich teplak lein. Al is it kerwei yn syn gehiel hjirmei noch lang net ôf en sil de oplevering noch op him wachtsje litte, dochs is it de muoite wurdich dizze Westereender straters alfêst eefkes yn it sintsje te setten. 

Harmen Scheepsma