Fûgelflecht feriening set jubilaris Albert Bakker yn ’t sintsje

Fûgeltsjeman Albert Bakker is in grut part fan syn libben lid west fan ‘De Woudzangers’. Hikke en tein yn Surhuzum, wie er ien fan de grûnlizzers fan de ‘volièrevereniging Drogeham en omstreken’, lykas de feriening offisjeel hyt. 

Mear dan fyftich jier wie hy tige aktyf foar de fûgelflecht feriening. Foar it sechtichjierrige lidmaatskip krige Albert Bakker op freed 21 septimber in spjeld fan de Nasjonale Bûn foar Fûgelleafhawwers, de NBvV. It eareteken waard de 86-jierige Bakker opspjelde troch foarsitter Sicco Veenstra fan it distrikt Fryslân fan de NBvV. Veenstra prizige Bakker by de útrikking fan de spjeld foar alle ynspanningen dy’t er foar De Woudzangers dien hat. De útrikking fûn plak yn Neibertilla yn Drachten, wêr Bakker sûnt it maaitiid fan 2016 ferbliuwt. Dêrfoar wie Surhuzum rom acht desennia lang syn wenplak.

De leafhawwerij foar fûgels krige Bakker thús mei de brijleppel ynjûn. “Ik ha myn hiele libben fan fûgels hâlden”, neffens it earelid. De kleurekanarjes, lyts tropysk en wyldsang; it is in greep út de fûgels dy Bakker yn syn fûgelflecht hie. “Ik wie net in man fan hiele djoere fûgels.” Mei in oantal fûgelleafhawwers út de direkte omjouwing wie Bakker oant it ein fan de jierren fyftich lid fan de feriening yn Kollum. “Mar dat foldie ús net sa bêst”, fertelt Bakker. “Wy fielden ús der net thús.” It brocht syn maat Klaas Nicolai op it idee om sels in klup op te rjochtsje wêrnei yn 1958 ‘volièrevereniging Drogeham en omstreken’ in feit waard. Bakker wie ien fan de mei-oprjochters.

De earste twa shows fan de nije feriening waarden ek feitlik yn Droegeham hâlden. Yn it earste jier wie de boppeferdjipping fan Café De Ham it toaniel fan de tentoanstelling. It getôch mei de koaien en oar materiaal by de treppen op foel de leden swier. Dêrtroch waard der in jier letter útwike nei in âld skoalgebou yn it brinkdoarp. Nei in oantal jierren moast de feriening wer op syk nei in nij ûnderkommen, om’t it gebou plak meitsje moast foar nijbou. Yn Droegeham wiene gjin alternative plakken foarhannen, wêrnei de feriening earne oars terjochte kaam. Dit waard Harkema. Yn hotelkafee De Klok fan Hendrik van der Veen, sels ek in fûgeltsjeman, koe de klup tenei har shows hâlde. It bestjoer fan De Woudzangers hie yn it begjin mar in lyts bytsje hoop op in plak yn De Klok. De akkommodaasje wie krekt ferboud. “Wy doarsten der net hinne omdat it allegear nij wie”, laket Bakker oer de wifeling fan destiids. In nije ferhuzing soe der net mear komme. De Woudzangers hâlde har jierlikse show noch hieltyd yn De Klok yn Harkema. “Wy hearre bij de ynventaris”, neffens de bestjoersleden Benny van den Ikker en Cees Warsma. 

Albert Bakker makke him op gâns terreinen fertsjinstlik foar De Woudzangers. Sa besette hy mar leafst fan 1958 oant en mei 1988 de post fan sekretaris. Bakker wie yn alle silen mak, omskriuwe bestjoersleden de âld-Surhúster. “Hij hat in hiel soad foar de klup betsjut.” Ek de moanlikse fûgeltsjesmerk kaam út de koker fan Bakker. Al syn ynspanningen leverje Albert Bakker it earelidmaatskip fan De Woudzangers op.

Dit ferhaal is in oersetting fan in artikel út De Feanster.