Nynke Hoekstra ‘Surhúster om utens’

Namme: Nynke Hoekstra
Bern fan: Sjoerd Hoekstra en Jeltje Bakker
Dêr ha ik wenne: Doarpsstrjitte 36
Hoe âld biste: 68 jier
Bist fereale as troud? Troud
Wêr wennest no: Bûtenpost
Wat hat dy dêr brocht: de leafde
Wat dochst no?
Ik bin no mei pensjoen. Ik haw froeger earst yn skoftsje yn de soarch wurke dernei 6 jier mei minsken mei in beheining en it langste skoft haw ik by in gemeente wurke wêr ik P&O en Loopbaanadviseur wie.
Wat binne dyn moaiste herinneringen oan Surhuzum?
It earste wêr ik dan oan tink binne myn jonge jierren, dy wienen moai. Winters at der iis lei op de ûnderstrûpte lannen reedride. Jong en âld wie dan fan de partij. Letter nei de feart of oer de sletten en de dammen, nei de iisbaan fan Stiensgea. Dy wie doe noch oan it ein fan de Uterwei.
Simmers gongen we faak te swimmen yn de Tilsjewyk yn de Mieden, letter nei it swimbad op ’t Fean en soms stikem nei it kanaal.
As bern boarten we simmers yn de fakânsje somtiden mei in hiele kloft bern Indiaansje, ien stam achter yn de lannen fan Minze van Dijk en de oare stam achter yn it lân van Rypke Zijlstra (neist de feart) fan âlde binnenbannen die we by Piet van der Velde hellen en fearren dy we yn it lân opsochten makken we hoofdtooien. We betochten herkenningskreten en makken in pylk en boog. Skuonpoets op ,e holle en dêr gie it hinne. Prachtich.
Doe't ik wat âlder wie saterjûns nei it gebouke en letter fansels stikem útnaaie nei de diskoteek yn it Fean en nog letter nei Kollum en Feankleaster. Dr wie doe al in hokje achter it hûs fan Piet van de Velde wêr we freed te jûns en sneintemiddeis tahâlden mei in kloft jongfolk.
As bern wie myn twadde thús by Minze en Fyne van Dijk yn it Noard, Baukje wie myn freondinne en nei skoaltiid earst by ús thús oan om wat drinken en wat lekkers en dan gie ik meastentiids mei har nei hûs. De klok fan de toer sei my de tiid dat ik wer nei hûs moast.
Wat wie dyn favoriete plakje yn Surhuzum?
Dat fyn ik in lestiche fraach mar ik tink toch de Doarpsstrjitte, der wie altyd wol drokte en ferdivedaasje, it jongfolk kaam faak jûns nei iten op ‘e lappen en dan waard er boarte, praat,wille makke grappen úthelle ensf. De doarpsstrjitte fan no is net te fergelykjen mei doe ik jong wie, der wiene in protte winkels en it libbe.
Hast noch kontakt mei minsken (freonen as familje) yn Surhuzum?
Ik kom faak yn Surhuzum, myn broer Roel en myn suster Lutske wenje noch yn Surhuzum. En Baukje wennet der fansels ek noch.
Wat wolst fierder noch oan ús fertelle:
Dat ik it ferskrikkelik fyn hoe oft us âlderlik hûs der by stiet it liket no echt wol in spûkhûs.
En wat miskien moai is om te fertellen dat ik lêst augustus en begjin septimber it ferhaal fertel oer Ingelsje in wâldfrou in ieren en sinen mei de titel “de swarte skelk” yn de spitkeet op’e Harkema en in Twizel by Pilat en Pilat en yn de Bining it doarpshûs van Twizel.

It ferhaal fan ‘de swarte skelk’ fertelt oer it wier barde, net altyd maklike libben fan Ingeltsje, in wâldfrou yn ieren en sinen.
Se moat sterk wêze fan harsels en foar dyjingen dy’t se leaf hat.
In swarte skelk spilet in wichtige rol at sy belies jaan moat.
De lieten yn dizze foarstelling ferwurdzje wat Ingeltsje net sjen litte wol.
Henk Vriesema ( ek in âld Surhúster ) hat der ferskes by betocht en docht de muzyk, Baukje de Graaf sjongt de ferskes en Tineke Broers docht de regy en Sander Stienstra de technyk.
Kaarten binne te reservearjen by https://www.paviljoenmem.nl/events/de-swarte-skelk
Denkt u na het lezen van deze bijdrage: ‘Och, je zou die en die eens moeten vragen’, of iemand uit uw familiekring die ergens anders woont? Mail ons dan op redactie@gruttegelf.nl! Dan kunnen wij vragen of diegene mee wil werken aan onze rubriek.