Surhúster om utens: Janny Nauta

Namme: Janny Nauta
Bern fan: Jap & Luts Nauta-Bijma
Dêr ha ik wenne: Doarpsstrjitte 20, Nauta Mode & textiel en Olivierstrjitte
Hoe âld biste: 67
Bist fereale as troud? Allebeide, ik bin trout mei John en noch altyd fereale
Hast bern? Mei syn 2en ha we 3 jonges en 2 skoandochters, Devin is âld Surhúster.
Wêr wennest no: we wenje sûnt 5 jier yn Wilsum, krekt oer de grins yn Dútslân, dêrfoar yn Hengelo.
Wat hat dy dêr brocht? Foar de leafde bin ik nei Hengelo tein.
Wat dochst no? 10 jier ferlyn bin ik NT2 docent wurden oan de ISK yn Enschede. Dizze skoalle jout û.o. Nederlânske les oan 12-18 jierrichen út oare lannen. Hja moatte earst ús taal leare foardat se nei it gewoane ûnderwiis kinne. Dêr sitte asylsikers tusken, mar ek bern fan âlden dy’t foar de leafde of foar it wurk nei Nederlân komme. De skoalle telt nou 514 leerlingen mei sa’n 80 nationaliteiten. Ik fielde my dêr as in fisk yn it wetter, foaral doe ‘t er mear en mear leerlingen kamen dy’t analfabeet bliken te wêzen of semi-analfabeet: wol Sjinees, Arabisch, Oekraïens, Tigrynia, ensaf. lêze en skriuwe kinne, mar net it westerse skrift. Ik koe by dizze doelgroep alles wat ik leart hie as beukerjuf en basisskoallejuf tapasse. Neist kennisoerdracht krige ik mei in soad fan dizze bern in hechte bân, foaral as se hjirre sûnder harren famylje wiene. Ik bin dêrom ek net fuort mei pensjoen gien doe’t ik 67 wurde, mar ha trochwurke oant de ein fan it skoallejier.
Wat meist graach dwaan (hobby)? Myn wurk wie myn hobby, dus seach ik wol wat tsjin myn pensjoen op. Ik mei graach lêze en ha in bytsje grientetún, Netflix series “binge”... John is ek thús dus moatte we inoar mar wat fermeitsje. We ha fan in VW Crafter sels in camper makke en dêr sille we nou aanst earst mei de wiide wrâld yn. We ha 2 Amerikaanse bulldogs dus dy moatte ek mei.

Wat binne dyn moaiste herinneringen oan Surhuzum? Fan myn 20e oant myn 31e siet ik yn it ûnderwiis. Doe’t heit en mem in opfolger sochten bin ik werom kaam. Minsken helpe yn de winkel wie prachtich wurk, it wie in moaije tiid. Yn dy tiid wie ik ek foarsitter fan de Spelwike. (Ik kin it net Spulwike neame, sorry). Ek dat wie prachtich om mei te meitsjen hoe it hiele doarp meielkoar elts jier mar wer in prachtich feest foar elkoar krige. Ek bin ik noch foarsitter west fan de Doarpshûs Kommisje.
Yn dy tiid krige ik kunde oan John út Hengelo. En nei ferrin fan 2 jier binne Devin en ik ferhuze nei Hengelo.
Wat wie dyn favoriete plakje yn Surhuzum? Dr binne in soad plakjes wêr ‘t ik moaie herinneringen oan ha. Mar thús oan de Doarpsstrjitte bliuwt myn favoriet.
Hast noch kontakt mei minsken (freonen as familje) yn Surhuzum? Fansels! Ik rekke mei Cora Groenhof yn de kunde troch dat we beide in lyts mantsje hienen: Riekele Ruurd en Devin. Hast alle wykeinen en ek fakânsjes gienen wy der op út mei ús bern. It is in freonskip fan hast 30 jier!