Wytse de Haan 'Surhúster om utens'

Namme: Wytse de Haan
Bern fan: Njoggende bern en jongste soan fan Aan de Haan en Saakje Veenstra
Dêr ha ik wenne: Oan’t myn 18e op de buorkerij oan It Noard 29, dêrnei efkes oan de H.J. v.d. Veenstrjitte en oan’t myn 27e op de Doarpsstrjitte 46 (’t hûs fan Tseard-Saapke) tsjinoer de winkel fan Jap en Tine Brouwer.
Hoe âld biste: Krekt 60 wurden.
Bist fereale as troud?
Al jierren frijgesel, troud west mei Foekje Pool, ek út Surhúzum
Wêr wennest no: Al 33 jier yn Nij Beets.
Wat hat dy dêr brocht?
Ik koe wurk krije by de Rabobank yn Nij Beets en d’r stie een tsjinstwenning fan de bank by ’t kantoor. Ik wenne doe noch by myn mem Saakje en sa krige ik dus een hûs en in baan yn Nij Beets.
Wat dochst no?
Ik wurkje as agrarisch adviseur by de Rabobank mei meast melkfeehâlders as klant. Dat betsjut lieningen útjaan as klanten lân keapje wolle, stal bouwe en sa.
Wat meist graach dwaan (hobby)?
Njonken wat bestjoersfunksjes mei ik graag toniel spylje by de pleatselike tonielferiening, in slach om op ‘e racefiets, kuiertochten rinne, houthakke en gean sa mar troch.
Wat binne dyn moaiste herinneringen oan Surhuzum?
Thús op de buorkerij mei de kij en de geiten, op it hea boartsje, de lannen yn te wâltsjebrânen en sleatsjespringe. Blikspuit en dat soart spultsjes op ‘e buurt. Letter de Spulwike.

Wat wie dyn favoriete plakje yn Surhuzum?
Dat wie toch thús op ‘e buorkerij.
Hast ek noch kontakt mei minsken (freonen as familje) yn Surhuzum?
Best noch in protte ja: Myn dochter Margriet wennet mei har freon René no al wer een pear jier yn Surhúzum. Broer Albert en Hieke en skoansus Annie wenje dêr. Wy hawwe in freonenploeg al fanôf de legere skoalle dy nog geregeld byinoar komt. Foarige simmer noch reünie hân fan de 6e klas.
Wat wolst fierder noch oan ús fertelle:
Moai doarp! Mar soarchje der foar dat it leefber bliuwt en set jo dêr foar yn!
Tinke jo nei it lêzen fan dit artikel: “Oh, jimme moatte dy oft dy ris freegje”, of immen út jo famyljekring dy’t om utens wennet? Stjoer ús dan in mail op redactie@gruttegelf.nl! Dan kinne wy freegje oft dy persoan meidwaan wol oan ús rubryk.