Pytsje
Door Redactie op di 17 apr 2018 - 19:25Dat dizze frou al sân krúskes op’e rêch hat is har wier net oan te sjen, sa fleurich en optein sjocht hja it deiljocht temjitte. Pytsje is de dochter fan Rinze en Jantsje Bouma. Har heit ried eartiids as molkboer mei syn brijkarre troch Surhuzum. Hie hast elk as klant. Har mem stie thús noed foar de winkel. Pytsje hat twa broers dy’t âlder as har binne: Piet en Eppie. Nei har, komme Alie, Ruurd en Nynke.