Moai waar foar in Slach om ’e Toer

Nei wiken en dagen van foarbereidingen is it dan safier. Tiisdei 30 desimber kuiertocht Slach om ’e Toer. Ha we alles goed regele? Wat foar waar wurdt it! Ha we genôch iten?
Moarns om 7 oere is it al in drokte fan belang yn it doarpshûs. Nei in kop kofje geane de parkearwachters nei hun plakje. Om 7.45 oere komme de earste kuierders al. Se melde sich oan foar de lange ôfstân fan 30 km. Dizze kuierders binne altijd betiid en steane ûngeduldich te wachtsjen. Mar se moatte geduld haww oant 8.30 foar dat se starte meie. It liket moai rin-nerswaar te wurden; droech en sinnich. It begjint moai troch te rinnen. Nei de start fan 30 km om 8.30 oere, giet de 20 km fuort om 9 oere. De 15 km rin-ners startte om 9.30 oere. De sinne begjint al troch te brek-ken. Ideaal rinnerswaar. Om 10 oere kin men starte foar de koartste ôfstân fan 10 km.
It 1e stempelplak is by Camping de Poel yn Opende wêr’t de kuierders fan 30 en 20 km koffie/thee en koeke krije kinne. De sfear sit er dan al hielendal yn. Gesellich. De 30 km gjit troch rjochting Trimunt nei stempelplak Camping Jiltdijksheide wêr’t de thee/kofje en sûker/krintenbôle klear stjit. Derwei geane se fierder Grinslân yn nei it Curringherveld yn Kornhorn. Hun 3e stempelplak, hjir stjit foar hun thee/kofje en tsiis/woarst klear. Fan dêr geanne se wer rjochting Opende.
De 20 km giet fanôf Camping de Poel noch in stikje rjochting Trimunt en dan werom nei Opende wêr it Barontheater hun 2e stempelplak is. Yntusken binne de kuierders fan de 15 km hjir ek oankaam foar hun 1e stempelplak. Hjir is thee/kofje en sûker-/krintenbôle.
Fanôf dizze hoeke geane se allegear rjochting Peebos nei de Theetuin Blotevoetenhof. Hjir komme alle ôfstânnen lâns foardat se werom nei Surhu-zum rinne. It lêste stempelplak. Hjir is it gesellich drok, komt ek mei troch it moaie waar. Eltsenien sit bûten te genietsjen fan in oaljebol en poeiermolke.
Noch efkes troch de Mieden en nije fytstunnel werom nei Surhuzum. De finish. Lêste stempel, penne mei logo as herinnering, in kop snert en it sit der wer op dit jier. Op nei it jubileumjier 29-12-2026. 15e Slach om ’e Toer.
Der ha 848 kuierders meidien. It wie wer in tige slagge dei. Wy wolle alle sponsors, frijwilligers en kuierders hjir foar tank sizze.
Bestjoer Slach om ’e Toer