Krystdoarp Wipke Tabak no ek yn fideoreportaazje
Door Redactie op di 18 feb 2025 - 19:45It prachtiche krystdoarp fan Wipke en Jacqueline Tabak yn Surhuzum, hie al earder yn de Grutte Gelf stien mei in ‘interview’. Yn de lêste edysje waard it sels nochris útljochte. Sa’n moai selsboud krystdoarp, dy’t de hiele wenkeamer en in part fan de keuken yn beslach nimt, moast sjoen hawwe. Yn de fideoreportaazje fan RTV NOF wurd fertelt werom it ‘winterdoarp’, sa’t Wipke it yn dizze tiid neamt, noch oant healwei febrewaris stean bliuwt.








