Geke en Rimer Wolters 'Surhúster om utens'

Namme: Geke Wolters-Zuidersma en Riemer Wolters
Bern fan:
R. Dirk Wolters en Jitske Wolters - Benedictus
G. Jeen Zuidersma en Aaltje Zuidersma - Wijma
Dêr hawwe we wenne: It Súd, H. J. van der Veenstrjitte en Bonhommestrjitte
Hoe âld binne jimme:
R. 75 jier
G. 73 jier
Hoe lang binne jimme al by elkoar?
53 jier troud
Hawwe jimme bern?
Alie Hilda en Frans de Vries wenje mei harren 3 bern yn Skotlân
Jitske Martine en Jaap Krol wenje mei harren 3 bern yn Heech
Dirk Jeen wennet mei syn 2 bern yn Tilburg
Wêr wenje jimme no:
Wy wenje mei in soad wille al 17 jier yn Appelskea en ha it dêr tige nei it sin.
Wat hat jimme dêr brocht?
It hûs dat dêr te keap stie en fan alle gemakken fersjoen wie, hat ús nei Appelskea brocht. Dat hûs wie better op ‘e takomst klear. Dus foar ús slieperij en in badkeamer ûnder en boppe genôch romte foar de bern en pake- en beppesizzers as dy thúskomme.
Wat dogge jimme no?
Wy binnen no mei pensioen.
Wat meie jimme graach dwaan (hobby)?
R. Ynsette foar tsjerke en de Stichting Begraafplaatsen Appelscha e.o.
G. Ynsette foar tsjerke en besites bringe oan âlderen.
As hobbys ha wy tegearre it bridgen, fytsen en mei de caravan op paad. Riemer mei graach jeu de boule en biljarte.
Wat binne de moaiste herinneringen oan Surhuzum?
Der binne hiel wat moaie oantinkens oan Surhuzum, sa as dat ús bern dêr berne en grutbrocht binne. Der binne noch folle mear foarbylden te beneamen: it tsjerkewurk, skoallebestjoer, buertferieningswurk, bestjoer cda ôfdieling en ek foar Sinteklaas spylje wie hiel moai. SVS hat ek hiel wat foar ús betsjutten: wy ha ús mei it follybaljen tige fermakke. En net te ferjitten it mei-organisearjen en belibjen fan de spulwike. Koartsein: wy ha in prachtige tiid hân yn Surhuzum.
Wat wie (froeger ) dyn favoriete plakje yn Surhuzum?
R. De sportseal fan de Delfeart
G. De feart om te reedriden
Hawwe jimme noch kontakt mei minsken (freonen as familje) yn Surhuzum?
Geke har suster Sjoukje wennet mei har Kor op de Van Haersmastrjitte.
Wat wolle jimme fierder noch oan ús fertelle:
Wy wolle eltsenien it bêste tawinskje mei in hertlike groet fanút Appelskea.
Tinke jo nei it lêzen fan dit artikel: “Oh, jimme moatte dy oft dy ris freegje”, of immen út jo famyljekring dy’t om utens wennet? Stjoer ús dan in mail op redactie@gruttegelf.nl! Dan kinne wy freegje oft dy persoan meidwaan wol oan ús rubryk.