Postbode Loeky: “Dat is it foardiel én neidiel fan postbesoargjen”

Voor het huis van Loeky in Surhuizum staat een postdepot. Al bijna negentien jaar is ze een vertrouwd gezicht in het dorp als postbode. Sinds 2008 brengt ze brieven en kleine pakketjes rond op de fiets. In die jaren versleet ze maar liefst zes fietsen.
Wanneer het interview net op gang komt, wijst ze naar buiten. “Je hawwe de PostNL-besoarger krekt mist dy’t de post moarns bringt.” Ze geniet van de vrijheid die het vak haar geeft, maar vertelt ook dat het postbezorgen in Surhuizum binnenkort gaat veranderen.
Wat is er in die negentien jaar het meest veranderd?
“Ik bin by TNT Post begûn, dy namme is yn 2011 feroare yn PostNL. Earst rûn ik allinnich, dêrnei in skoftke tegearre en de lêste 5 jier wer allinnich.
Dêrneist krigen de pakketbesoargers it drokker en namen de postboades dêr wurk fan oer. De lytsere pakketsjes binne bygelyks nei ús gien.
De kleine pakketjes die wel door de brievenbus kunnen?
“No, hahaha, dat past dochs lang net altyd.”
Wat als je onderweg een lekke band krijgt?
“Dan gean ik wer nei hûs en mei myn man de bân plakke, haha.” Ook Jan Smit lacht mee.

Wat maakt de ontmoetingen met mensen uit het dorp leuk?
“As ik mei in blauwe brief kom, sizze minsken wolris foar de grap: ‘Dy wol ik net, nim dy mar wer mei.' As it hiel waarm is, krij ik soms in gleske wetter of in iisko oanbean. En ik haw ek ien kear in gebakje hân by ien dy't jierdei wie.”
Hoe is het om in verschillende weersomstandigheden te werken?
“Dat is it foardiel én neidiel fan postbesoargjen. As it rotwaar is, is it wurk ek lang net sa leuk. Yn 2019 wie it in skoft 40 graden. De post komt hjir om healwei alven hinne oan en dan begjint it al aardich waarm te wurden.”
Ook in de winter moest ze soms creatief zijn. “Yn izel haw ik wolris mei de bernewein rûn. En doe't der in pak snie lei, ha Jan en ik de post wolris mei de slide besoarge. Dan luts hy de slide en sutele ik de post út.”
Ze heeft dus heel wat weersomstandigheden getrotseerd met de post. Eén dag staat haar nog goed bij. “Al dy beammen dy’t doe omwaaid binne yn it doarp. Dat wie ek wol in tinkweardige dei om te wurkjen.”

Welke straat bezorg je het liefst?
“Ik fyts it leafst troch de nije buurten. Dat besoarget it moaist. Dan kinst hieltyd mei de fyts hinne en wer en hoechst der net ôf.”
Vanaf 12 juli gaat het postbezorgen in Surhuizum anders. De post wordt dan niet meer op de fiets bezorgd, maar met de scooter. Voor Loeky betekent dat dat haar vaste ronde in Surhuizum stopt.
“Leafst soe ik gewoan yn myn eigen doarp besoargje bliuwe. Je kenne elkenien hjir en je witte krekt hoe't alles rint. Dat wurket gewoan it fijnst.”
Waar ze straks terechtkomt, weet ze nog niet precies. Dat ze Surhuizum gaat missen, is wel duidelijk. Al die brieven en pakketjes die ze de afgelopen negentien jaar door de brievenbus deed, en de ontmoetingen daarbij, vergeet je natuurlijk niet zomaar.
“As ik hiel let thúskaam, wist myn man al hoe let as it wie: dan stie ik wer earne te praten."
Niek Wassink